Te min tsjerkegongers? Súdwest-Fryslân komt mei helpdesk

24 jun 2020 - 14:49

Súdwest-Fryslân krijt in spesjale helpdesk foar de eigeners fan tsjerken yn de gemeente. De eigeners kinne kontakt opnimme mei dy helpdesk, as sy mei it gebou yn de mage sitte.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Súdwest-Fryslan hat 158 tsjerken, mar al in tredde part wurdt net mear foar de tsjerketsjinsten brûkt. Om't der hieltyd minder leden binne, binne der minder jild en frijwilligers om de tsjerken te ûnderhâlden en op te knappen.

Tagelyk wol de gemeente de gebouwen graach behâlde. Dat kin troch bygelyks ek oare aktiviteiten yn de tsjerken te hâlden, mar ek troch de tsjerken om te bouwen ta wenhûs.

Neffens wethâlder Bakker is Súdwest Fryslân ien fan de earste gemeenten mei in plan fan oanpak foar leechsteande tsjerken.

Trefwurden: 
Súdwest-Fryslân tsjerke
(advertinsje)
(advertinsje)