Ekstra romte foar foodtrucks by rekreaasjegebiet De Heide

By rekreaasjegebiet De Heide op It Hearrenfean komt ekstra romte foar foodtrucks. Dit is ien fan de saken dy't de gemeente It Hearrenfean oanpakt om de drokke simmerperioade oan te kinnen. Hieltyd mear minsken witte De Heide te finen.
Rekreaasjegebiet De Heide © Gemeente It Hearrenfean
Dêrom wurde de húskes faker skjinmakke, komme der mear ôffalkonteners en is der plak foar foodtrucks, kofjetintsjes en iisferkeapers. Der binne trije plakken beskikber foar twa wiken de kear. Fia lotting kiest de gemeente wa't der stean meie.