Dûnsskoalle Saco Velt komt nei skoalbern ta foar skoaldûnskompetysje

24 jun 2020 - 13:17

Al tolve jier stride bern tsjinelkoar om de Saco Veltbokaal, mar fanwegen it coronafirus kin de dûnswedstriid dit jier net trochgean yn de reguliere foarm. Dêr hat de organisaasje wat op betocht: "Als de kinderen niet naar De Harmonie kunnen komen, dan gaan wij toch naar de kinderen?" seit Rianne de Vries, dûnsdosinte oan it Saco Velt Dûnssintrum.

De dûnsskoalle gie tiisdei en woansdei by alle skoallen yn Fryslân del. De sjuery bliuwt op alle lokaasjes in kertierke stean en de bern kinne dan dûnsje. De koppels wurde troch in deskundige sjuery beoardiele. De pearkes mei de bêste dûnspaskes wurde beleanne mei de iennige echte Saco VeltBokaal.

De bern fan de Maximaskoalle yn Ljouwert yn aksje - Foto: Omrop Fryslân

"Dit is toch prachtich"

De bern op de skoallen dy't meidogge ha de ôfrûne tiid goed oefenje kinnen: "Alle kinderen hebben op school dansles van mij gekregen: drie danslessen in plaats van gymnastiek", sa seit De Vries. "Na die danslessen mochten ze allemaal meedoen aan een groot danstoernooi, in plaats van voetbal en slagbal mochten ze dansen, en dan scholen tegen elkaar."

Saco Velt is entûsjast: "Moatst sjen, wat is dit leuk! Alle bern dy't hjir meidogge en dûnsje op it plein. Dit is toch prachtich. It is hast moaier as binnen."

Foto: Omrop Fryslân

Harkje hjir nei de reportaazje fan ferslachjouwer Hayo Bootsma

Cha cha cha

Op it plein fan de Maximaskoalle yn Ljouwert stean twa grutte groepen bern te wachtsjen. Allegear kreas yn de klean en mei in nûmer op de rêch. Trije sjueryleden beoardielje de dûnskwaliteiten. Marcus van Teijlingen is der ien fan: "Dit is echt leuk. Moet je kijken wat een passie. Daar let ik ook op, dat ze lachen. En of ze goed op elkaar letten."

It is de cha cha cha dy't dûnse wurdt troch de bern. "Wij gaan winnen! Zeker weten," seit ien fan de dûnsers fan de Maximaskoalle. "Het is wel jammer dat het niet in De Harmonie gehouden kan worden, want dan dans je toch meer. Maar het is wel echt superleuk!"

(advertinsje)
(advertinsje)