Mear fertinkingen: Snitser cybercrime-fertochte bliuwt langer fêst sitten

24 jun 2020 - 12:43

De 23-jierrige Snitser fertochte fan cybercrime moat trije moanne langer fêst sitte. Dat hat de rjochtbank woansdei bepaald. It ûndersyk gie earst oer fjirtich saken. Dêr binne no tsientallen nije gefallen by kaam. Dêrby sitte ûnder oare oplichtingssaken op in datingsite.

Foto: Politie.nl

De man waard begjin juny oanhâlden. Hy wie mei guon fan syn slachtoffers yn kontakt kaam op de sosjale media. Hy sei dat se gau jild fertsjinje koene, bygelyks troch mei te dwaan oan in 'crypto mining machine'. Hy moast dêrfoar harren bankgegevens en gegevens fan de bankpas hawwe. As se dat trochjûn hiene, hie de fertochte tagong ta de bankrekkens.

De eigeners seagen dat dêrnei jild fan de rekken ferdwûn en se diene oanjefte. De bankrekkens waarden ek brûkt foar ferkeaptransaksjes op Marktplaats. Dejingen dy't guod keapje woene, moasten dêr jild op stoarte. Dat diene se, mar se krigen de ferkeapwaar nea yn harren besit.

Trefwurden: 
Snits drugs cybercrime
(advertinsje)
(advertinsje)