Petysje: "Wynenerzjybelied Provinsje Fryslân is krûm en te star"

24 jun 2020 - 11:44

It wynenerzjybelied fan de provinsje Fryslân is krûm en te star. In petysje mei dy tekst waard woansdeitemoarn oanbean oan Provinsjale Steaten. Dat waard dien troch CDA-gemeenteriedslid Irene Spoelstra fan de gemeente Opsterlân.

Spoelstra begrypt der neat fan dat de Provinsje Fryslân inisjativen foar wynmûnen fan enerzjykoöperaasjes tsjinwurket. Op dit stuit is it sa dat allinnich in boer in lytse wynmûne pleatse mei, as de enerzjy nedich is foar it eigen bedriuw.

Minsken dy't gjin boer binne, meie net sa'n mûne pleatse. In boer mei ek gjin wynmûne fan in enerzjy-koöperaasje pleatse. Neffens Spoelstra is der yn Opsterlân en ek yn oare Fryske gemeentes grut ferlet fan mear romte foar wynenerzjy.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Oft dy iepeningen ek fûn wurde, wurdt nije wike bekend. Dan prate en stimme Provinsjale Steaten oer de 'Nota romte' fan deputearre Poepjes.

Steatelid Sijbe Knol fan de FNP sjocht gjin romte foar iepeningen. "Ut dy reaksjes sjogge je dat eltse gemeente wer wat oars wol. De iene wol mear lytse wynmûnen, de oare wol moles fan 60 meter tastean. Krekt dan krije je de ferrommeling fan it Fryske lânskip. Wy hâlde fêst oan it bestjoersakkoart, Fryslân produsearret genôch wynenerzjy."

By de Partij van de Arbeid is it entûsjasme oer dit ûnderdiel fan it bestjoersakkoart minder grut. "In ons hart willen we misschien wel wat anders, maar we hebben een afgewogen bestuursakkoord en daar houden we ons aan", seit fraksjefoarsitter Hetty Janssen.

Maaike Prins fan it CDA seit dat se "bliid is mei it sinjaal fan ûnderen op", mar net folle romte sjocht foar bystelling fan it enerzjybelied. "Ek foar ús jildt: ôfspraak is ôfspraak."

Irene Spoelstra

(advertinsje)
(advertinsje)