Undersyk nei drugsbesit fan 23-jierrige frou út Ljouwert

De plysje hat tiisdeitemoarn yn in hûs oan de Eewal yn Ljouwert ferskate soarten drugs ûnderskept. Se gienen op ûndersyk út nei ferskate meldingen by Meld Misdaad Anoniem fan fermoedlik drugsdealen.
Drugs © Omrop Fryslân
Yn de wenning, dêr't in 23-jierrige frou oantroffen waard, fûn de plysje GHB, in doaske mei speed en 45 pûdsjes mei wyt poeier. De frou sil heard wurde troch de plysje De forinsyske opspoaring ûndersiket wat foar guod der krekt yn de pûdsjes sit.