Twa Ljouwerters oppakt foar fernielings Kealledykje
De plysje hat tiisdeitejûn by sportkompleks it Kealledykje yn Ljouwert twa manlju oppakt foar fernielings. De twa fertochten, dy't beide 20 jier binne, wienen dwaande om graffity te spuitsjen op de muorren fan de sporthal. De twa binne oanhâlden. De eigeners fan it sportkompleks hawwe oanjefte dien tsjin de twa manlju.