Solosiler Sietse Bouius nei acht jier swalkjen oer de wrâld wer thús

24 jun 2020 - 10:40

Yn de simmer fan 2012 begûn Sietse Bouius fan Burgum oan in solosylreis, de wrâld oer. Hy hat gjin partner en woe de winsk fan syn heit om op aventoer te gean en de wrâld oer te silen stal jaan. Bouius seach in soad: walfisken dy't ûnder de boat troch swommen tusken Kolombia en Panama bygelyks.

Sietse Bouius by syn sylskip - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Fan Suriname, Súd-Koreä, Brazilië, Súd-Afrika, Botswana, Mauritsius oant Australië: Bouius seach in grut diel fan de wrâld. Djiptepunten wienen der ek. Sa ferstoar syn heit yn 2015. It makke him ûngelokkich en hy kaam koart werom nei Fryslân om goed ôfskied nimme te kinnen fan syn heit.

Yn de perioade fan acht jier dat er fuort is op syn sylreis sjocht er syn mem, Geertje Bouius, in pear kear. Se sykje him op yn Suriname en yn Tahiti. De lêste kear dat se him sjocht is yn 2015. Begjin dit jier komt Bouius oan yn Puerto Rico. Syn mem en sus wolle him opsykje, mar fanwege it coronafirus kin dat net.

Sylskip fan Sietse Bouius - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Sietse Bouius oer syn grutte sylaventoer

Dûane nimt sûvenirs ôf

De dûane komt ek in pear kear by him oan board. As lêste yn Ingelân, dêr't se syn sûvenirs ôfnimme. Ek wurdt der in pear kear op de boat socht nei drugs. Bouius is bliid dat er werom is yn Fryslân, want hy hat it heitelân mist. Hy komt lykwols werom yn in wrâld dy't folslein feroare is. In wrâld fan ôfstân hâlde en corona.

Foto's en filmkes fan Sietse Bouious syn aventoer stean op syn Facebookpagina.

(advertinsje)
(advertinsje)