Europa Kinderhulp siket boartersguod foar bûtenlânske bern

24 jun 2020 - 10:09

Europa Kinderhulp siket minsken dy't boartersguod, klean en pinnen donearje wolle foar bern dy't hjir oars útfanhûs kamen. Gewoanwei komme yn de simmerfakânsje tsientallen bern út it bûtenlân hjir in wike op fakânsje. Fanwegen corona kin dat no net.

Europa Kinderhulp organisearret gewoanwei fakânsjes - Foto: ANP

Om de faak kânsearme bern dochs wat wille te jaan wolle se yn Fryslân no 170 doazen folje en se nei de bern tastjoere. Op fjouwer plakken yn de provinsje, yn Harns, Ferwert, Warkum en It Hearrenfean en Bûtenpost kinne minsken nije en brûkte produkten bringe. Jild jaan mei ek. Mear ynformaasje stiet op Europa Kinderhulp.

It guod kin oant 27 juny ynlevere wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)