Kollum: "Mienskipsfentyl"

"Yn de nacht fan sneon op snein binne der twa heakkekrusen skildere op it Alde Hearehus. Dat stiet oan it Hellingspaad yn Starum. Omrop Fryslân neamde it net skildere, mar kladde. No, dat fûn ik net. Ik fûn it foar in amateur noch net iens sa gek. Moaie foarse heakkekrusen, dúdlik wat it wie.
© Omrop Fryslân
De toan fan Eelke Lok
Twa man oan it skilderjen west tink, want de krusen stiene netsjes op oardelmeter fan elkoar. Ien mei in grutte sirkel deromhinne. De oare in keal heakkekrus. Mar se hiene de kwaste efter litten. Dan koe der om dy oare ek noch wol in sirkel skildere wurde, as men dat woe.
Dy houten muorren fan it Hearehûs, dy't eartiids helgrien wiene en no tsjin it swarte oan, dy nûgje ek wol út om der wat op te skilderjen. Oars springt dy muorre der wol hiel bot út yn de fierder stieneftige rêstige winkelstrjitte fan Starum.
It âlde hearehûs fan Starum is in restaurant. It heucht my dat der in hiel soad lju dêr in restaurant yn begûn binne. Mear sis ik net. Der sitte no al wer nije lju yn. Dy woenen de krusen der daliks wer ôfhelje, mar dat slagge net. De skilders hienen in âlde bus terpentynferve brûkt. Tsjintwurdich is de ferve op wetterbasis, dan kinne je makliker skjinmeitsje. Dat woe no net. Dus hienen se earst de Starumer flagge der mar oerhinne hongen.
Eins wie dát wat frjemd. De eigeners fan it hearehûs binme nammentlik no Bas Kruidhof, dy swaait mei de Grinzer flagge, en Bohdi Niermans, dy wapperet mei in heal Yndysk flachje. No, jim begripe it fierder wol.
Tagelyk waard op 'e Jouwer in monumint fernield. Dat wie op 4 maaie delset troch in pear minsken op oardel meter ôfstân. De o sa moai troch lytse paadfiners by elkoar sochte kleure stientsjes wienen alhiel as symboalen yn elkoar prutst, jierren wurk hân. De betinking dat we 75 jier lyn yn frijheid kamen fan de oarloch. De Jousters dienen de pet efkes ôf as se troch it parkje Te Huivre kuieren, want dêr lei it monumintsje. Dat hoecht no net mear, want fan it monumint wie in stientsjemjuks makke.
"Wy hoopje echt dat dejinge dy't dit dien hat, spyt krijt. Dit moat in learmomint wêze yn syn of har libben". Dat sei foarsitter Jan Vermaning fan de Betinkingsstifting fan De Jouwer nei oanlieding fan it fernielen fan dat monumintsje. Dat sintsje ha 'k útskreaun. En ik sit der no al oeren nei te sjen.
Want ik wit it net. Ik wit inkeld dat beide berjochten mei in skouderopheljen heal lêzen binne troch in ferrekt lyts bytsje minsken. Lit stean dat der ien fan betocht hat hoe't je de lju dy't dat dienen oan it ferstân krije kinne dat se der spyt fan ha moatte. En dat der wierskynlik in soad bier yn sitten hat, dan dogge je soksoarte dingen."