Digitale oanbieding fan petysje fan omwenners fan lytse gasfjilden

24 jun 2020 - 07:22

Der moat in goed skeaprotokol komme foar de omwenners fan lytse gasfjilden. Dat stiet yn de petysje dy't woansdeitemoarn om 9 oere digitaal oan de Twadde Keamer troch ferskate Fryske aksjegroepen oerlange wurdt.

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Fryslân hat 68 lytse gasfjilden en de omwenners tinke dat de oerlêst tanimme sil no't de gaswinning yn Grinslân ôfnimt. Om't de ôfhanneling fan skea troch gaswinning yn Grinslân foar in protte oerlêst soarge hat, wolle de omwenners it yn Fryslân better regele ha. Neffens Jeannet van der Velde, dy't de petysje oerlanget, moat der omkearde bewiislêst komme. Dizze foarm fan bewiislêst jildt no yn Grinslân ek.

Mei 'omkearde bewiislêst' wurdt alle skea taskreaun oan de mynbou, útsein wannear't it hielendal dúdlik is dat it in oare reden hat. Dy regeling is yn Fryslân oars. Dêr moat bewiisd wurde dat de skea oan it hús troch de gaswinning komt. "Problemen worden vaak afgewimpeld als funderingsproblemen of problemen door droogte en inklinking. Mensen merken het vaak pas in een te laat stadium dat er wat met hun woning gaande is," seit Van der Velde.

Produksje omheech

Hast de helte fan de 68 gasfjilden yn Fryslân is op dit stuit yn produksje. Op ferskate plakken binne der plannen om de produksje te ferheegjen. Omwenners binne benaud dat der in protte mear skea komme sil. Van der Velde wol graach dat de minister de soargen fan de boargers meinimt. "De minister heeft niks meer laten horen, nadat wij onze zorgen hebben geuit in december."

It oerlangjen fan de petysje bart fanwegen it coronafirus digitaal. "We overhandigen met twee mensen vanuit mijn kamer uit huis," seit Van der Velde. "Maar we spreken namens een hele grote groep."

Jeannet van der Velde

(advertinsje)
(advertinsje)