De Lawei komt mei teäterstik foar toeristen en thúsbliuwers

24 jun 2020 - 06:27

Drachtster skouboarch De Lawei makket dizze simmer in spesjaal teäterstik. Yn de moanne augustus moat der in útfiering komme foar toeristen en thúsbliuwers yn Fryslân. "We denken dat er veel mensen naar Fryslân komen," seit direkteur Stef Avezaat. "Daar zien we een markt in."

De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Spesjaal stik

Hoe't it stik der krekt út komt te sjen, is noch net hielendal wis. It personiel is op it stuit oan it neitinken oer it idee, ek oft it stik foar bern geskikt is. Yn dat gefal kinne der mear besikers komme, om't bern oant tolve jier gjin oardel meter ôfstân hoege te hâlden.

Mear minsken wolkom

Woansdei wurdt nei alle gedachten ek bekend makke dat fan 1 july ôf gjin maksimum oantal besikers mear jilde sil. Salang't de oardel meter ôfstân hâlden wurde kin, meie safolle as mooglik minsken nei binnen. "Voor ons is het mooi dat er weer meer bij mogen maar er verandert niet zoveel. Voor de film betekent het dat er 45 naar binnen kunnen in plaats van 30. Voor de horeca is er iets meer omzet."

Dochs is Avezaat bliid dat no al keazen wurdt om it maksimaal oantal besikers los te litten. "Dat biedt weer perspectief en hoop. In een zaal van 900 man kunnen we dan 235 mensen kwijt, dus dat blijft natuurlijk financieel een uitdaging. Veel mensen vragen ook wanneer de schouwburgen hun programmaboekjes klaar hebben. Wij kunnen echter geen boek samenstellen, omdat veel producenten en theatermakers voor kleinere aantallen mensen de programmering niet rond kunnen krijgen. Dus bij ons vallen er nu ook heel veel gaten in de programmering, terwijl die al helemaal klaar was."

Artistyk apekoai

Utdaging is dan ek om dizze simmer wat moais del te setten. "We weten dat veel Nederlanders vakantie in eigen land zullen vieren, ook toeristen. We zijn de dans hier ook een beetje ontsprongen en laten we hopen dat dat zo blijft, maar dan hebben wij ruimte om een 'artistieke apenkooi' te organiseren. We denken aan een route door het gebouw. Je komt aan de voorkant binnen, en tijdens een reis door het gebouw ga je van alles beleven en kun je workshops volgen. Het blijft natuurlijk ingewikkeld, maar het biedt wel perspectief."

Direkteur Stef Avezaat fan De Lawei

(Advertinsje)
(Advertinsje)