Tips fan relaasjecoach yn tiden fan corona: de seis-sekonde-tút

23 jun 2020 - 22:59

Yn dizze tiden fan corona komme der yn relaasjes saken nei boppen dy't earst mear ûnder de oerflakte bleaunen. Dat seit relaasjecoach Ina van den Dries, fan Snits. Se hat mei in kollega in online training makke dy't minsken helpe moat om mei mekoar yn petear te kommen. Ina leit út wat der ferkeard gean kin en hoe't je de problemen ferhelpe.

Foto: Pixabay

Prate minsken net mear mei mekoar as se in relaasje ha?

"Wat blykt is wannear't minsken langer byelkoar binne, elkoar minder goed kenne. It is dus eins sa dat minsken dan minder goed prate mei-inoar."

Wat is de ynfloed fan it coronafirus op relaasjes?

"It jout wat mear druk op de relaasje. It is net sa dat der nije problemen komme, mar wol dat it wat mear nei boppen komt. Bygelyks dat minsken net mear mei-elkoar prate, dat wurdt wat pynliker dúdlik as beiden thús binne omdat je thúswurkje. Gewoanwei is earst de ien fuort, dan de oar. Dan wurdt it wat minder dúdlik. No komt der wat mear druk op te stean. De problemen dy't der al binne, wurde dan wat grutter."

Dan ha jim it smoardrok dizze dagen?

"We ha no dy relaasjetraining en we begjinne dizze wike mei de tredde training. We ha wol wat te dwaan, ja."

Kinst alle relaasjes wol rêde?

"Oant no ta wol. It binne net allinnich relaasjes dy't op knappen steane. It is gewoan wichtich dat minsken ynvestearje yn har relaasje en dit as kâns oangripe om tiid mei elkoar troch te bringen. dan krijst ek wat werom."

Hoe wurket sa'n online training?

"Mei Zoom komme minsken byelkoar. We jouwe wat ynput, wat foarbylden, dan prate sy fierder. Dat is foar ús ek it hichtepunt, want dan kinne we ek sjen wat der gebeurt. Dy petearen binne privee, mar we kinne sjen dat stellen earst wat fierder byelkoar wei sitte en letter tichterby. We sjogge hiel positive dingen."

Hast ek noch wat praktyske tips?

"Wat hiel maklik is en mar in hiel lyts bytsje tiid kostet, is de seis-sekonde-tút. Wêrom seis sekonden? Yn dy tiid komt in hormoan frij dy't ferbining jout. Mar 20 sekonden krûpe jout itselde effekt. Dan ynvestearrest gewoan yn dyn relaasje. En it is ek hiel weardefol om te freegjen hoe't de dei derút sjocht: wat stiet op it programma, wêr sjochst tsjinop, wêr sjochst nei út? Oan de ein fan de dei kinst dan freegje hoe't dat gong is. Gewoanwei bist dêr net echt fan op de hichte."

Dat klinkt hiel ienfâldich.

"Mar dat is it eins ek. It binne de lytse dingen dy't in grut ferskil meitsje kinne. Net it wykein fuort, net de lange fakânsje yn Tailân. Nee, de lytse dingen, tankber wêze. Dus gjin krityk, mar elkoar betankje. Elkoar even oanreitsje, echt oandacht foar elkoar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)