Taakstraf foar Drachtster dy't stalke, oplichte, bedrige en mishannele

23 jun 2020 - 22:31

In man út Drachten (26) is feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren fanwegen stalking, oplichting, bedriging en mishanneling. De man hat sawat in jier lang syn eks-freondinne bedrige en stalke. Sa hie er in gps-tracker ûnder har auto pleatst.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De Drachtster hie syn eks ferskate kearen oer de telefoan en WhatsApp bedrige. Ek hie er twa kear in gps-tracker ûnder har auto fêstmakke en wie er in pear kear by it hûs fan de frou. Hy joech ta dat er ferskate minsken oplichte hie, troch op Marktplaats NS-deikaarten te ferkeapjen en dêrnei net te leverjen.

It swierste feit yn de rjochtsaak wie de mishanneling fan syn nije freondinne, yn maart fan dit jier. Hy hie de frou djip yn de nacht mishannele, nei't se gjin seks mei him ha woe. Neffens de reklassearring is de Drachtster in kwetsbere, maklik te beynfloedzjen en licht swak bejeftige persoan.

De rjochtbank lei him in drugs- en alkoholferbod op. De man moat him behannelje litte by de GGZ en hy moat meiwurkje oan it oplossen fan syn skulden. De man krige ek noch in selstraf, dy't er al útsitten hat. Der bliuwe noch wol 90 dagen selstraf ûnder betingst stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)