Lilke hoareka protestearje yn Den Haag: "Der moat nó wat barre"

De hoareka- en entertainmentbrânsjes ha tiisdei yn Den Haag protestearre tsjin de coronamaatregels. Se fine dat de regels te strang binne en wolle mear finansjele stipe fan de oerheid. "It wetter stiet ús hast boppe de holle", seit de Ljouwerter kroechbaas Ton Eijer.
Ton Eijer yn syn muzykkafee Scooters yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Der kamen sa'n 150 minsken nei it protest. De demonstranten fine ûnder oare dat de oardelmeterregel te strikt hanthavene wurdt yn de hoareka en wolle dat festivals yn de bûtenloft fan 1 july ôf wer tastien wurde.
"Wy wolle wat hearre litte. Der moat no wat barre, want dy oardel meter is net mear helber yn de hoareka en it hâldt in protte entertainment tsjin", seit Eijer. "Wy moatte mear stipe út de regearing ha en wy moatte wer wat dwaan kinne."

'Sektoaren misse jieromset'

Gewoanwei soe de evenemintebrânsj no smoardrok wêze mei bygelyks doarpsfeesten. "Der binne in tal sektoaren dy't gewoan de omset foar in jier misse, en dy moatte it dan mar oerlibje", seit Eijer.
De hoareka wol fansels foarkomme dat sy in boarne fan besmetting wurde, seit Eijer. "Dat is it dilemma. Mar it grutste probleem is dat it publyk him der net mear oan hâldt, hielendal as minsken in drankje op ha, dan is dy oardel meter fier te sykjen. Wy binne in protte dwaande mei it hanthavenjen, plysjeman spylje."
Ton Eijer oer it protest