Twadde Keamer wol wet oanpasse om by stoarm skippen tsjin te hâlden boppe it Waad

23 jun 2020 - 23:02

In mearderheid yn de Twadde Keamer wol dat Nederlân de mooglikheid krijt om grutte kontenerskippen by stoarm te ferbieden om de súdlike farrûte boppe de Waadeilannen te nimmen. Dat meldt RTV Noord.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Yn in moasje roppe ChristenUnie, D66, GrienLinks, CDA, Partij voor de Dieren, SP en de VVD minister Cora van Nieuwenhuizen op om te ûndersykjen oft de Wet Bestrijding Maritieme Ongevallen oanpast wurde kin. Dêrtroch krijt Nederlân it foech om skippen by min waar tsjin te hâlden.

De partijen fine dat de wet no net genôch mooglikheden jout om tydlike maatregels te treffen, as der in gefaarlike situaasje foar it miljeu him foardocht. Tink bygelyks oan in grut kontenerskip, dat mei min waar de súdlike rûte op de Waadsee brûke wol. Dy súdlike rûte is minder djip en dêrom gefaarliker.

Nije kontenerramp foarkomme

De Twadde Keamer wol in bettere beskerming foar it Waadgebiet. De Keamerleden wolle foarkomme dat der opnij in kontenerramp plakfynt, sa as yn 2019 mei de MSC Zoe. Skippen moatte de opdracht krije om de noardlike farrûte te nimmen. Dy leit fierder fan de Waadeilannen ôf.

"De Tweede Kamer heeft een deskundige gevraagd naar wat er allemaal mogelijk is. En die gaf aan dat Nederland als kuststaat kan ingrijpen en schepen kan weren", seit Keamerlid Stieneke van der Graaf fan de ChristenUnie. Om dat goed te regeljen moat de wet wol oanpast wurde.

De farrûten boppe de Waadeilannen - Foto: Zembla

No warskôget de Kustwacht skippen om de súdlike rûte by min waar en hege weagen net te nimmen. De warskôging komt op advys fan de Onderzoeksraad voor de Veiligheid. Mar omdat it in advys is, hoege skippen har der net oan te hâlden.

Wij willen dat er scherper wordt ingegrepen tijdens een storm.

Keamerlid Stieneke van der Graaf (CU)

De Keamer wol al langer dat Nederlân it foech krijt om boaten tsjin te hâlden, as it moat. "Wij willen dat er scherper wordt ingegrepen tijdens een storm. Wij hadden gehoopt dat dit het afgelopen seizoen al ging gebeuren, maar de minister wilde dit nog niet in afwachting van het onderzoeksrapport naar de toedracht van de MSC Zoe-ramp", seit Van der Graaf.

Takom wike wurdt stimd oer de moasje, mar de minister hat al tasein dat se ûndersykje wol oft de wet oanpast wurde kin. Foar 1 septimber dit jier moat dúdlik wurde oft dat kin. Oft de wet ek echt oanpast wurdt, seit de minister noch net ta.

De MSC Zoe dy't 342 konteners ferlear - Foto: Havariekommando

Tongersdei komt de Onderzoeksraad voor de Veiligheid mei in rapport oer de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dan moat dúdlik wurde hoe't en wêrom't it skip yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris yn totaal 342 konteners ferlear boppe de Waadeilannen. Dyselde dei wurde ek de resultaten fan in ûndersyk dúdlik dêr't ek Dútslân en Panama (de flaggesteat fan it skip) oan meiwurke ha.

Wat de ChristenUnie oanbelanget giet de súdlike rûte hielendal ticht foar grutte kontenerskippen. "De route is al afgesloten voor schepen met gevaarlijke stoffen. Wij hopen dat het OVV-rapport stelt dat de zuidelijke route gesloten wordt voor meer grote type containerschepen. Ik hoop dat de OVV aantoont dat daar echt noodzaak voor is en dat de minister de juridische onderbouwing krijgt waarmee ze met Duitsland de vaarroute kan afsluiten voor grote containerschepen", seit Van der Graaf. "Bescherming van het milieu en ons werelderfgoed van de Wadden is een belangrijke reden om de route af te sluiten voor grote containerschepen."

(Advertinsje)
(Advertinsje)