Wâldseinster (31) twa kear op ien dei oanholden sûnder rydbewiis

23 jun 2020 - 20:50

In 31-jierrige ynwenner fan Wâldsein moat trije wike de sel yn, omdat er op ien dei twa kear achter it stjoer betrape waard sûnder jildich rydbewiis.

Rydbewiis en paspoart - Foto: Shutterstock.com

It barde op 14 augustus ferline jier. De plysje seach de man op de A31 by Frjentsjer. Se joegen de man it teken dat er achter de plysje oan moast nei de ôfrit-Dronryp. De man hie dêr gjin nocht oan. Uteinlik waard op it plysjeburo proses-ferbaal opmakke.

Koart dêrnei krige de plysje melding fan in man dy't lâns de A31 rûn. Deselde man woe nei syn auto ta, dy't noch by de sneldyk stie. Hy ried even letter mei hege snelheid by de plysje del. Dy hold him by Marsum opnij tsjin.

(advertinsje)
(advertinsje)