Filmkes oer it Frysk fan 18-jierrige út Jorwert al tsientûzenen kearen besjoen

23 jun 2020 - 23:01

De 18-jierrige Gaiske Meinsma fan Jorwert is in hit op TikTok mei filmkes yn it Frysk. Har filmkes mei 'nuvere' Fryske wurden binne op it platfoarm al tsientûzenen kearen besjoen.

Foto: TikTok

TikTok is in platfoarm foar koarte filmkes dat foaral ûnder jongerein tige populêr is. Gaiske Meinsma kaam op it idee om filmkes yn it Frysk te meitsjen troch har kollega's. "Ik ha in oantal kollega's op it wurk dy't ynienen mei gekke wurden kamen en my fregen: witsto ek wat dit betsjut? Ik tocht, dat wit ik net iens. Ik bin wol in echte Fries, mar der wiene blykber in protte Fryske wurden dêr't ik net iens fan wist dat se bestean."

Populêr

Har filmkes wurde goed besjoen, fertelt se. "It earste filmke is 20.000 kear besjoen, dat hie ik net tocht. Ik fyn it hartstikke leuk om te sjen en it binne allegear hiele leuke reaksjes." Yn har earste filmke hat se it oer de izeren lûkbealch, donderdeldoekje, earmtakke, skonk, bealch, kuorke, kaai, earrebarre, fereale, sabeare en halje-trawalje.

Meinsma is bliid dat se mei har filmkes mear jongeren yn de kunde komme lit mei it Frysk. "It binne moaie wurden, dy moatte brûkt wurde."

Gaiske Meinsma oer har filmkes op TikTok

Trefwurden: 
Frysk TikTok Gaiske Meinsma
(advertinsje)
(advertinsje)