FNP: Set mear drones yn om greidefûgels te beskermjen

23 jun 2020 - 20:03

Der moatte mear drones komme om greidefûgels yn Fryslân te beskermjen. Dat fynt de FNP. De partij komt dizze wike mei in moasje. Fûgelwachters sizze dat drones hiel goed wurkje om nêsten fan greidefûgels te finen.

De greidefûgeldrone yn aksje by Drylts - Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Sa kinne de pykjes better beskerme wurde, want boeren kinne by it meanen of bewurkjen rekken hâlde mei de bisten op it lân. Drones kinne neffens de FNP ek ynset wurde foar it natuerbehear en tafersjoch yn oare gebieten yn Fryslân.

"Ut de loft wei kinst folle mear sjen", seit Steatelid Wopke Veenstra. "Sa fynst de nêsten mei de pykjes fan greidefûgels, hazzelegers en reekealtsjes ek folle earder. Ast witst wêr't se sitte, silst der net by fersin oer hinne meane."

It giet net goed

It is al langer dúdlik dat it net goed giet mei de greidefûgels. Dizze wike wurdt it nije belied en finansjele ramt foar kommend jier fêststeld. Alle jierren giet der sa'n 9 miljoen euro nei greidefûgelbehear. Troch in part fan dat jild yn drones te stekken, kin it behear folle effektiver, neffens de FNP.

Ferline jier begûn in spesjaal team fan fûgelwachters mei drones, en dat foldie goed:

(advertinsje)
(advertinsje)