Jild ûntbrekt om wetterkrassula definityf út te rûgjen op Skylge

Miljoenen euro's binne der stutsen yn de bestriding fan de wetterkrassula op Skylge. Dat eksoatyske plantsje ferdrukte oare natuer. Mar no ûntbrekt it jild om foar te kommen dat it wer de kop opstekt op it eilân. By Staatsbosbeheer meitsje sy harren dêr grutte soargen oer.
Bestriding fan de wetterkrassula op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat de provinsje der earder in hiel soad jild foar oer hie, hat in reden. Yn de wiete gebieten op Skylge dêr't dizze eksoat woekere, is topnatuer fan Europeeske betsjutting te finen en dy drige te ferdwinen troch it plantsje. "Het plantje heeft een ontzettende groeikracht", leit boskwachter Remi Hougee út. "Het verdringt eigenlijk alles wat er van nature op die plekken hoort te groeien. Dat zijn bijzondere planten, maar ook dieren leggen uiteindelijk het loodje."
Dêrom is de lêste jierren fan alles ynset om it plantsje fuort te heljen. In grut part fan it eilân is ôfgroeven. "Zo'n 20 tot 30 centimeter grond is weggehaald. Die besmette grond is in een depot gezet en op de plekken ligt nu schoon zand."

Fiif jier lang neisoarch

De grutskalige bestriding hat fertuten dien, mar neffens saakkundigen is der fiif jier lang neisoarch nedich. Dat kostet jild. Jild dat der no noch net is. "Je moet er tot 2024 rekening mee houden dat het plantje terugkomt. Het is ook geen sinecure, je moet een gebied van meerdere hectares in de gaten houden. Tot 2024 blijft het spannend."
Wetterkrassula © Omrop Fryslân, Ilse Hermanides
It risiko is ek grut omdat it plantsje oan de poaten fan wetterfûgels oer grutte ôfstannen ferspraat wurde kin.

Minister wol net byspringe

PvdA-Twadde Keamerlid William Moorlag hat minister Carola Schouten van Lânbou, Natuer en Fiskerij frege om as Ryk by te springen mei jild, mar dêr woe de minister no neat fan witte. Sy fynt dat de provinsje hjirfoar ferantwurdlik is.