Plannen nije Swettehûs: fjirtich brêgen betsjinje, folslein enerzjyneutraal

23 jun 2020 - 19:00

It nije Swettehûs yn Ljouwert betsjinnet yn de takomst fjirtich brêgen, wurdt folslein enerzjyneutraal en foar in grut part sirkulêr. Tiisdei presintearre de provinsje de sintrale foar de brêgebetsjinning. De bou begjint yn septimber, ein takom jier moat it klear wêze.

It nije Swettehûs - Foto: Provinsje Fryslân

Op it stuit wurde fjirtjin brêgen troch hiel Fryslân op ôfstân betsjinne, mar dat moatte der dus fjirtich wurde. Dêr is in nij gebou foar nedich. "Dit wurdt ien fan de meast sirkulêre gebouwen fan Fryslân en nei alle gedachten fan hiel Nederlân", seit Biense Dijkstra, dy't it mei syn bedriuw bouwe sil.

Biense Dijkstra oer it gebou

"It wurdt net allinnich in funksjoneel gebou", seit Sjoerd Marten Vrieswijk. Hy is haad fan de provinsjale wettersteat. "It moat ek passe by ús ambysjes. We rinne al foarút op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Dat dogge we ek mei dit gebou dat foar fjirtich persint út enerzjy bestiet dat je opnij brûke kinne."

Filmke fan de provinsje fan hoe't it der ein takom jier útsjocht:

De brêgebetsjinners sitte dalik net mear yn de brêgehúskes, foar safier't dy der al wiene. "Dat bart aanst allegear yn dit gebou", fertelt Vrieswijk. "Se sitte dan achter grutte skermen. Der komme 26 wurkplakken foar de brêgewippers."

Sjoerd Marten Vrieswijk fan de provinsje

Dêrnjonken wurdt it nije gebou ek de útfalsbasis foar provinsjale meiwurkers fan (far)wegebehear, nautyske saken en technyske tsjinst foar ûnderhâld fan brêgen en slûzen.

Goed 1.000 sinnepanielen leverje genôch enerzjy foar it gebou, it iepenjen/sluten fan de fytsbrêge Ritsumasyl en foar de laadpeallen foar elektryske auto's.

(advertinsje)
(advertinsje)