Middelbere skoallen ferwachtsje wer iepen te gean: learlingen misse freonen en dosinten

23 jun 2020 - 18:35

De middelbere skoallen meie nei de simmerfakânsje gewoan wer iepen. Dat makket premier Rutte woansdei nei alle gedachten bekend. As it komt sa't de ferwachting is, meie learlingen dan wer nei skoalle ta en hoege se harren ûnderinoar net oan de oardelmetermaatregel te hâlden, wol yn de kontakten mei dosinten.

Noch in pear dagen en in pear toetsen en dan sit dit skoaljier derop. De skoallen hawwe troch de corona moannen ticht west. De lêste wiken mocht mar in part fan de learlingen tagelyk nei skoalle en moasten se oardel meter útinoar sitte. En fierders moasten de learlingen de lessen thús op byldskermen folgje.

Op it Bornego College op It Hearrenfean sitte 1900 learlingen. Mear as hûndert bern dêr hawwe troch de corona efterstannen oprûn. Sy krije ekstra stipe om dy yn te heljen. Se hawwe elkoar mist, sizze dosinten en learlingen.

"We gaan ervan uit dat op de persconferentie wordt gezegd dat we weer open mogen. Het is heel belangrijk, omdat we merken dat veel leerlingen thuis wel dingen doen, maar nooit zoals op school. Op school leer je ook van elkaar. Bovendien zeggen de leerlingen: op school leren we niet alleen, we missen onze vrienden, We missen zelfs onze leraren en we willen hen graag weer ontmoeten", seit Hans Wildeboer, bestjoerder by it Bornego College op It Hearrenfean.

As alles sa komt, lykas ferwachte, sitte de learlingen nei de simmerfakânsje wer allegearre byinoar yn it lokaal. Al moatte dosinten wol op oardel meter ôfstân bliuwe.

(advertinsje)
(advertinsje)