'Masteroplichter' moat twa jier de sel yn: 'algemene en speciale preventie'

23 jun 2020 - 18:11

'Masteropljochter' Johan S. moat twa jier de finzenis yn. De 50-jierrige man sûnder fêst wenplak hat twa froulju oplichte. It Iepenbier Ministearje hie acht moanne sel easke, mar de rjochtbank jout dus in swierdere straf.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

De man hie de twa froulju mei moaie praatsjes oplichte. Hy sei dat er mei se trouwe woe. Dêrby sei er fan alles ta en hy regele ek de brulloften mei alles derop en deroan: Tesla's en Lamborghini's as trouauto's, optredens fan ferneamde Nederlanners, in djoere fjoerwurksjo én in fleanfakânsje.

Doe't er yn Hoogezand tsjin de lampe rûn, gong er nei Fryslân ta. Dêr die er presys itselde. De trouamtner twivele lykwols oan syn ferhaal, want se hie inselde soart ferhaal al op Facebook lêzen by kollega's.

Alde gewoanten

De fertochte docht dit al 20 jier. Yn hiel Nederlân en yn it bûtenlân hat er in soad slachtoffers makke. As er yn de sel sit, wol er oan fan alles meiwurkje, ynklusyf in behanneling. As er frijkomt, falt er lykwols werom yn syn âlde gewoanten.

De rjochtbank naam it advys fan de reklassearring oer en lei de man in lange finzenisstraf op, yn it ramt fan 'algemene en speciale preventie', neamde de rjochtbank it.

(advertinsje)
(advertinsje)