OM easket dat Jorwerter boerinne ûnder betingst bedriuw stilleit

It Iepenbier Ministearje wol dat in boerinne út Jorwert ûnder betingst har bedriuw stilleit, omdat se har bisten ferwaarleazget. Har stâlen mei hast 100 kij, wiene smoarch mei urine en mest. De bisten hiene gjin skjinne en drûge lisplakken, neffens justysje.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Dat wie net it iennige, de bisten hiene ek net genôch te iten. Earder hie de frou as maatregel al krigen dat se mar in beheind tal bisten hâlde mei. De NVWA hie alris 59 fan de 99 kij fuorthelje litten. Se hiert no ien om har te helpen.
De offisier fan justysje easket dat it bedriuw in jier lang stilleit en dat de fertochte in jildboete fan 5.000 euro betellet, beide ûnder betingst. "Dieren op een boerenbedrijf zijn afhankelijk van mensen. Die hebben zich te houden aan de regels die gesteld zijn voor het houden van dieren. De dieren zijn dus niet onbeschermd", sei de offisier.