Provinsje wol húsdokters mei subsydzje oerhelje om nei it Fryske plattelân te kommen

It tekoart oan húsdokters bliuwt de kommende jierren in probleem op it Fryske plattelân. Om dêr wat oan te dwaan, ferlinget de provinsje Fryslân de subsydzjeregeling foar húsdokters. Húsdokters kinne fan de provinsje op syn meast 50.000 euro stipe krije om in praktyk nij te bouwen of te ferbouwen.
© Omrop Fryslân
"Foar dy regeling is in protte belangstelling. It kin jonge dokters krekt even oer de drompel helpe om nei Fryslân te kommen", fertelt deputearre Douwe Hoogland.

"Sprieding fan soarch is wichtich"

De provinsje stelt it jild beskikber om de leefberheid op it plattelân te befoarderjen. As der ferlet fan is, is Hoogland sels beskikber om mei belangstellenden persoanlik yn petear te gean. "Der is no krekt wer in jong dokterspear fûn foar de praktyk yn Tsjummearum. Dy minsken binne hiel bliid mei harren plak yn Fryslân en wy binne bliid mei de beskikberheid fan soarch op it plattelan. Goede sprieding fan soarch is hartstikke wichtich foar de takomst."

"As der ien komt, komme der mear"

Fanwege it sukses fan de regeling yn de ôfrûne tiid stelt de provinsje no op 'e nij 311.000 euro beskikber foar it bouwen of ferbouwen fan húsdokterpraktiken. Hoogland rûst dat er dêr yn alle gefallen fiif praktiken mei helpe kin. "As in pear jonge dokters dizze kant opkomme, dan folgje der al gau mear. Dêr hoopje je op."
Deputearre Douwe Hoogland oer de subsydzjeregeling foar húsdokers