Twa ûndersiken nei kontenerramp MSC Zoe tongersdei iepenbier

De Onderzoeksraad voor Veiligheid komt dizze tongersdei mei twa rapporten nei bûten oer de kontenerramp mei de MSC Zoe. Dat is tiisdeitemiddei bekend makke. It skip ferlear fan 1 op 2 jannewaris 2019 yn totaal 342 konteners boppe de Waadeilannen.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Ien rapport giet oer wat der krekt bard is dy nacht mei it skip. Dat ûndersyk is dien mei Dútslân en Panama, wêrby't Panama de lieding hie as flaggesteat.
It twadde rapport is troch de Onderzoeksraad allinnich makke en giet oer de feilichheid fan it kontenerferfier oer de farrûte boppe de Waadeilannen. Desimber ferline jier kaam der al in tuskenrapport út.

Advys foar djipwetterrûte

Nei oanlieding fan dat tuskenrapport krije grutte kontenerskippen dy't út it westen wei dizze farrûte op woene it advys om de djipwetterrûte te nimmen. Dy rûte leit heger boppe de eilannen. Tongersdei om 10.00 oere wurde beide rapporten iepenbier makke.