Grêfkelder Jonker Sicke wurdt tagonklik makke foar publyk

23 jun 2020 - 16:18

De iene nei de oare pûde fol mei grûn komt dizze dagen út de kelder fan de tsjerke fan Jellum. Pûden mei grûn, mar ek mei mooglik minsklike bonken. De kelder dy't leechhelle wurdt, is nammentlik de grêfkelder fan Jonker Sicke van Dekema.

Jonker Sikke opgroeven

Begjin dit jier kamen de bonken oan it ljocht yn Jellum. It wie wol bekend dat der in grêfkelder siet, mar tocht waard dat de resten dêr net mear lizze soene. Jonker Sicke en trije fan syn famyljeleden waarden yn de santjinde iuw byset yn de grêfkelder. De tsjerke is yn dy tiid ferskate kearen troffen troch brân. Tocht waard dat dêrby ek de resten fan de jonker en syn famylje ferdwûn wiene.

Meter foar meter

De bonken binne yn de rin fan de jierren wol bot trochelkoar rekke. De houten kisten dêr't se yn begroeven binne, binne foar in grut part fergien. Dêrom wurdt no op hiel sekuere wize de kelder leechhelle. Meter foar meter wurdt de grûn fuorthelle en yn pûden nei de oare kant fan de dyk brocht. Dêr wurde de bonken derút socht en op in tafel byelkoar lein.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Yn de ôfrûne moannen is de grêfkelder tagonklik makke mei in lûk en in trep nei ûnderen ta. Doel is dat de jonker en syn famylje hjir opnij komme te lizzen. Mei dit ferskil dat no toeristen ek wolkom binne om de fjouwerhûndert jier âlde grêfkelder te besjen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)