Gemeente Hearrenfean stipet Thialf mei lyts miljoen

De gemeenteried fan Hearrenfean hat besletten om 991.000 euro te stekken yn Thialf. It iisstadion sit yn de finansjele problemen. Earder diene de provinsje en sportkoepel NOC*NSF al tasizzingen om Thialf te helpen.
© Omrop Fryslân
Yn in plan steane maatregels om de eksploitaasje fan Thialf struktureel te ferbetterjen en slutend te krijen. De provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean binne oandielhâlders.
Fan alle partijen yn de ried stimde allinnich GrienLinks tsjin it werstelplan. Dy partij woe as betingst dat de profesjonele brûkers fan Thialf, lykas de KNSB, ek finansjeel bydrage oan in sûne eksploitaasje fan it iisstadion.