Jongfryske Mienskip: "Fryske donorfolder is moaie stap, mar Ryk moat taalhâlding feroarje"

Feriening de Jongfryske Mienskip is bliid dat it Ryk de Fryske taal serieus nimt en mei in oersetting komt fan de nije donorfolder. It Ryk kaam yn aksje nei de oprop fan deputearre Sietske Poepjes om de folder ek yn de oare offisjele Rykstaal te fersoargjen. "Dit is in moaie stap, mar it Ryk soe him bêst oars opstelle meie nei Frysktaligen. De hâlding is no bytiden sels denigrearjend", stelt Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip.
Donorregister © ANP
Chris van Hes doelt dêrmei op de mail, dy't hy ûnbedoeld ûnder eagen krige. De mail wie bedoeld foar amtners, mar kaam by fersin ek yn de mailboks fan Van Hes. "Dêr stie yn dat de Friezen mar ris goed yn harren paspoart sjen moasten, dan koenen se sjen dat se de Nederlânske nasjonaliteit hawwe. It liket my net de bedoeling dat we yn dit lân op dizze wize mei-inoar omgean."

Wêrom net yn it Frysk of Papiamento?

Wat Van Hes oangiet falt der dan ek noch in soad winst te beheljen. "Mei de maatregelen foar it coronafirus kommunisearre it Ryk yn it Nederlânsk. Wêrom net yn it Frysk of it Papiamento, want it binne emosjonele oangelegenheden, dan is it ek moai as je minsken yn harren memmetaal te wurd stean kinne." Van Hes is foarearst bliid mei dizze stap. "Deputearre Poepjes is flot yn aksje kaam en dêr binne wy hiel wiis mei."
It earste eksimplaar fan de Frysktalige donorfolder sil ynkoarten oan de Jongfryske Mienskip oanbean wurde.
Chris van Hes fan de Jongfryske Mienskip