Ungelok by Foudgum: meardere ferwûnen

By in ûngelok op de N356 tusken Dokkum en Holwert binne tiisdei twa minsken ferwûne rekke. Op de François Haverschmidtwei yn Foudgum klapten by de ôfslach De Terp de auto's dêr't sy yn sieten frontaal opioar.
© De Vries Media
Ien fan de auto's kaam troch de klap op de sydkant telâne. Meardere helptsjinsten kamen op it ûngelok ôf, ûnder oare de brânwachten fan Ternaard en Dokkum, de plysje, ferskate ambulânses en in spesjalistyske helpauto út Ljouwert.
Beide slachtoffers binne behannele troch ambulânsepersoniel en dêrnei nei it sikehûs brocht.