"Mooglike gearwurking mei Forum voor Democratie net foarkar foar CDA Fryslân"

Mona Keijzer, steatssekretaris fan Ekonomyske Saken en Klimaat, wol foar it CDA listlûker wurde by de ferkiezings takom jier foar de Twadde Keamer. It Keamerlid út Purmerend nimt it op tsijn minister Hugo de Jonge, dy't earder syn listlûkersambysje al bekend makke hie. Keijzer set - yn tsjinstelling ta De Jonge - de doar iepen foar mear gearwurking mei Forum voor Democratie. Dat hat net de foarkar foar de leden yn Fryslân, seit Theo Joosten fan CDA Fryslân.
Twadde keamer © Shutterstock.com
Joosten is wol wiis mei de kandidatuer fan Mona Keijzer. "Dan valt er wat te kiezen voor onze leden." Earder waard ek de namme fan Wopke Hoekstra neamd, mar hy hat oanjûn net meidwaan te wollen oan de race om it listlûkersskip.

Gearwurking mei Forum voor Democratie

Keijzer slút op foarhân net út dat se gearwurkje sil mei Forum voor Democratie en de PVV. Oer de gearwurking mei Forum voor Democratie seit Joosten: "Hugo de Jonge is daar duidelijker over, die zegt: dat maak ik niet mee. Dus daarmee onderscheiden ze zich van elkaar en dat is goed, want dan kunnen de leden van het CDA daar iets van vinden en hebben ze iets te kiezen."
Neffens Joosten binne de leden yn Fryslân net bot foarstanner fan in gearwurking mei Forum voor Democratie. "Ik denk niet dat de voorkeur voor onze leden daar ligt."

Tiid foar in frou

Mona Keijzer fynt it sels tiid foar in froulike listlûker. Joosten kin him dêryn fine. "Daar is helemaal niets mis mee. Ze heeft in eerdere verkiezingen ook al veel voorkeursstemmen gekregen. Ik heb geen glazen bol, maar ik denk dat Hugo de Jonge iets beter in de race ligt, maar Mona staat nog maar sinds vandaag in de race, dus we gaan het zien."
Theo Joosten fan CDA Fryslân