EasyJet hâldt op as sponsor fan reedrydteam Jillert Anema

23 jun 2020 - 13:15

Loftfeartmaatskippij easyJet hâldt op as sponsor fan it reedrydteam fan trainer Jillert Anema. Dat befêstiget de KNSB nei berjochtjouwing op schaatsen.nl.

Foto: www.orange-pictures.nl

Earder sei trainer Jillert Anema al dat er der rekken mei hold dat easyJet dermei ophâlde soe. "We soene nayf wêze as we net mei in negatyf senario rekken hâlde", sei er doe.

Yntusken is dúdlik dat it bedriuw safolle lêst hat fan de coronakrisis, dat it ophâlde wol mei de sponsoring. "Door het ongekende effect dat de coronacrisis heeft gehad op de luchtvaartsector hebben we helaas moeten besluiten onze sponsoring van het schaatsteam niet te verlengen voor het komende seizoen", seit wurdfierder Stephanie Doggen fan easyJet tsjin schaatsen.nl.

Bysûndere omstannichheden

It kontrakt mei easyJet rûn oant nei de Olympyske Spelen fan 2020 yn Peking, mar der wie wol in klausule dat se der ûnderút koene by bysûndere omstannichheden. "Dit foldocht dêr fansels wol oan", sei Anema earder.

Under oare Jorrit Bergsma, Arjen Stroetinga en Marijke Groenewoud ride by team easyJet.

Yn de begrutting soe rekken holden wêze mei it eventuele fuortfallen fan easyJet. De sponsoaren fan it maratonteam fan Anema ha earder al oanjûn dat se in part fan de kosten oernimme wolle, as de coronakrisis tefolle wurde soe foar it loftfeartbedriuw.

(advertinsje)
(advertinsje)