Ekstra subsydzje fan 9.000 euro foar Voedselbank Eaststellingwerf

De gemeente Eaststellingwerf jout ienmalich 9.000 euro ekstra subsydzje oan de Voedselbank. Mei dat jild kin foarkaam wurde dat de stichting yn jildproblemen komt. De Voedselbank krijt in reguliere subsydzje fan 5.000 euro yn it jier.
© Omrop Fryslan
De Voedselbank yn Eaststellingwerf stipet op it stuit sa'n 40 húshâldingen, dy't ûnder it besteansminimum libje. Dizze húshâldingen krije alle wiken in pakket mei iten. De Voedselbank wrakselet al in skoft mei weromrinnende ynkomsten út donaasjes en jeften.