Ministearje fan Folkssûnens soarget foar Fryske oersetting fan donorfolder

23 jun 2020 - 11:17

It Ryk soarget foar in Frysktalige oersetting fan de donorfolder. Deputearre Sietske Poepjes easke dat foarige wike fan it ministearje fan Folkssûnens. De folder, dy't ynformaasje jout oer de nije donorwet dy't 1 july yngiet, wurdt yn ferskate talen útbrocht sa as bygelyks yn it Poalsk it Frânsk en it Dútsk. Mar net yn it Frysk. En dat kin net seit Poepjes, omdat it Frysk de twadde rykstaal is.

Donorfolder - Foto: ANP

Poepjes is bliid dat it ministearje sa flot op har fersyk reagearret. Se seit dat it materiaal sa fluch as mooglik digtaal ferspraat wurdt, mar ek analooch. Se hopet dat it nije wike op syn betiidst klear is. It earste eksimplaar sil oanbean wurde oan de feriening Jongfryske Mienskip, dy't it ûnderwerp op de aginda sette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)