Drachtster basisskoalle makket digitale ôfskiedsmusikal yn de Lawei

De learlingen fan groep 8 fan basisskoalle De Swetten yn Drachten soenen begjin april harren skoalmusikal opfiere, mar doe kaam de lockdown fanwegen it coronafirus. Master Wilco de Groot fûn it skande as de bern it allegear foar neat dien hienen. "En dus hawwe wy De Lawei benadere oft wy dêr it stik opfiere koenen. Alles wurdt fêstlein mei kamera en ta in film montearre. Ynkoarten kinne de bern mei twa húsgenoaten de digitale skoalmusikal besjen."
De Lawei yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
"Wy hawwe al in hiel skoft in goeie relaasje mei skouboarch De Lawei. De learlingen wienen al klear foar de musikal: de klean leinen al klear, we hienen de earste trochrin al hân. We soenen begjin april de musikal opfiere en doe gie it mis. Doe hawwe we sein: litte we it allegear gewurde of sille we it dochs noch opfiere?" Master Wilco de Groot sjocht werom op in rare tiid. "We woenen sjen nei wat der koe en net nei wat der net mooglik wie."

Skoalmusikal filmje

"De Lawei woe wol meiwurkje. In âld-learling fan ús is profesjoneel kameraman en hy woe de musikal wol fêstlizze. Fanmiddei sille wy de musikal sêne foar sêne opnimme. Sa kinne wy dochs in skoalmusikal opfiere." Foar de bern is it ek in hiele nije ûnderfining. "Laweidirekteur Stef Avezaat hat ea sein dat alle bern út Smellingerlân ris op it poadium stean moatten soenen. Dus dêr helpe wy no in hantsje by."

Bioskoop

De Groot woe heech ynsette. "We hienen earst noch tocht om in bioskoop ôf te hieren of in grut skerm earne del te setten, mar dêr hinget dochs wol in priiskaartsje oan. We dogge de filmjûn dêrom gewoan op skoalle yn de klaslokalen. Eltse learling mei twa húsgenoaten meinimme om de film te sjen. Wy soargje dan foar popkorn en wat lekkers te drinken."
Skoalmaster Wilco de Groot