PvdA Harns bliid foar Hein Kuiken: "Dit is in hiele moai kâns"

De PvdA yn Harns is bliid foar Hein Kuiken dat er in nije útdaging oangiet as wethâlder fan de gemeente Ljouwert. "Mar it fielt fansels wol oft de spits fan FC Harns ophelle is troch Cambuur," laket fraksjefoarsitter Edwin Helvrich. "Foar him binne wy fansels hiel bliid. It is in moaie kâns om yn in grutte gemeente mei moaie saken oan de slach te gean. En foar ús jout it fansels ek wer nije kânsen."
Wethâlder Hein Kuiken yn Harns © Omrop Fryslân, René Koster
Kuiken sil op koarte termyn al úteinsette yn Ljouwert. De PvdA yn Harns sil dus sels ek sykje moatte nei in nije wethâlder. "We sille tiisdeitejûn mei de fraksje om tafel oer hoe't we it oanpakke sille en dan sykje wy nei geskikte kandidaten. It is in moaie perioade om je yn te wurkjen en bekendheid op te dwaan. Bedoeling is dus ek dat de nije wethâlder fjouwer jier foar de folgjende termyn beskikber is."
Neffens Helvrich is der wol in oantal geskikte minsken dy't de partij foar eagen hat. "Ik neam fansels noch gjin nammen." Oft Helvrich sels yn oanmerking komme wol, lit er noch efkes bûten beskôging. "Jûn sille we mei de partij deroer prate. It liket my dan no ek net gaadlik om myn eigen politike ambysjes kenber te meitsjen."
Fraksjefoarsitter Edwin Helvrich fan de PvdA yn Harns