Keamerfragen oer politike oanslach yn Ljouwert op Koerdyske aktivist

23 jun 2020 - 07:44

It CDA stelt Keamerfragen nei oanlieding fan de stekpartij fan ôfrune freed op de Koerdyske aktivist Sadegh Zarza by it Ljouwerter stasjon. De advokaat fan de fertochte sei moandei dat syn klïint politike motiven hie foar syn died. De fertochte sels koe Nederlân yn komme mei in wurkfisum foar de Erasmusuniversiteit fan Rotterdam. It CDA wol fan it kabinet witte oft der goed genôch screend wurdt.

Foto: Kappers Media

"Der bart yn Ljouwert fansels wol faker ris wat, mar dizze stekpartij wie wol hiel útsûnderlik. Hielendal om't der politike motiven efter lykje te sitten," stelt Frysk Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA). "Je kinne je ôffreegje oft ús ynljochtingetsjinsten dizze persoan al yn de smizen hienen."

De fertochte koe Nederlân yn komme mei in wurkfisum. "Moat Nederlân bygelyks stranger screene op Iraniërs? Der komme fansels faker minsken út Iran nei Nederlân. Wêrom is dizze fertochte net screend of net goed genôch screend? Miskien moatte je dan krekt wat faker sjen nei de minsken dy't hjir in fisum oanfreegje."

Feilichheidstsjinsten

Van der Molen stelt dat it yngewikkelde matearje is. Ek fynt hy dat Nederlân goede feilichheidstsjinsten hat. "Faak hearre je efternei wolris wat oer harren wurk, mar hiel faak hearre je net wat de feilichheidstsjinsten allegear tsjinholden hawwe."

It CDA wol graach witte wa't de fertochte is. "Dêrom freegje we no ek oan it kabinet wat hjir no efter siet. As we fan dizze situaasje wat leare kinne, om oare minsken feilich te hâlden, dan moatte we dat seker dwaan. Minsken dy't flechte binne nei Nederlân dogge dat om't se yn harren eigen lân net feilich binne. Se wolle dan graach witte oft se dat hjir wol binne."

Twadde Keamerlid Harry van der Molen (CDA)

(advertinsje)
(advertinsje)