Auto op syn kant op A7 by Terwispel

Op de A7 by Terwispel is moandeitenacht in auto op syn kant bedarre. Nei alle gedachten is de bestjoerder yn sliep fallen en fan de dyk rekke.
Helptsjinsten te plak by it ûngelok © De Vries Media
Omdat net dúdlik wie oft de bestjoerder al út de auto wie, waard de brânwacht oproppen. Dy hoegde úteinlik net yn aksje te kommen foar de bestjoerder, mar moast wol in brantsje yn de auto útmeitsje.
De bestjoerder is foar kontrôle meinaam nei it sikehûs. De swier skansearre auto is ophelle troch in berger.