Gemeenten binne eigen skuldeasker yn miljoenetekoart Empatec

22 jun 2020 - 23:02

Te min tafersjoch, in gebrek oan finansjele kennis en in te ynformele bestjoerskultuer binne de oarsaken fan it miljoenetekoart by Empatec. Dit konkludearret it advysburo KokxDeVoogd yn in rapport dat yn opdracht fan de belutsen gemeenten skreaun is.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Mear as acht miljoen is de skuld fan de NV Empatec, it sosjale wurkbedriuw fan de seis Fryske gemeenten Waadhoeke, De Fryske Marren, Skylge, Flylân, Harns en Súdwest-Fryslân.

Moandeitejûn waard it rapport yn Frjentsjer taljochte. Yn septimber wurde de gemeenterieden ynformearre oer de stân fan saken, sadat der yn oktober in beslút oer naam wurde kin.

Unoersichtlik gehiel

De gemeenten soargje der no al foar dat de NV net fierder yn de problemen komt, sadat de wurkplakken net yn gefaar komme troch jildtekoart. Troch de keazen konstruksje binne de gemeenten no einliks harren eigen skuldeasker. Sa binne der neist de gemeenten, de Gemeenschappelijke Regeling Fryslân West (GR) en de NV Empatec.

De GR is it orgaan boppe de NV Empatec, mar beide falle wer ûnder de gemeenten dy't iennichst oandielhâlder binne. De linen tusken dizze bestjoerslagen rinne sa bot troch elkoar hinne dat der in hiel ûnoersichtlik gehiel ûntstien is. Neffens Arie Viskil fan it advysburo moat dêr mear dúdlikheid yn komme, om in werhelling foar te kommen.

Arie Viskil fan it advysburo KokxDeVoogd

(advertinsje)
(advertinsje)