Binne sportskoallen en sauna's der klear foar om op 1 july wer iepen te gean?

22 jun 2020 - 22:41

It is de wike fan de wierheid foar ûndernimmers mei in sportskoalle. No noch slepe se de apparatuer alle dagen nei bûten, mar woansdei hearre se definityf oft se in wike letter de doarren wer iepenje meie.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Feiko Broersma fan Bewegingscentrum Leeuwarden sit der net oer yn. Neffens him kin hy op 1 july gewoan wer iepen, al twivelet er noch wol in bytsje oft der wol sporters komme sille.

"Minsken binne miskien wat eangstich om oer dy drompel te kommen", seit Broersma. "Mar ik tink dat wy dy drompels wol fuorthelje kinne. Troch ús te rjochtsjen op feilich en ferantwurde te bewegen, kinne wy de minsken wol betsjinje yn de nije situaasje. Dêr binne wy wol klear foar."

Sa gau as it wer koe, hat de Ljouwerter sportskoalle bûten lessen fersoarge. Dat diene en dogge se noch altyd mei in soad entûsjasme op it parkearterrein by hegeskoalle NHL Stenden. "Der ha hjir wolris tritich minsken op de spinningsfytsen sitten", seit Broersma. "We ha natuerlik alle romte hjir op it parkearterrein. Dus we kinne alles moai rom útelkoar sette en we meitsje der in feestje fan."

Feiko Broersma fan Bewegingscentrum Leeuwarden

Net elkenien sil fuortendaliks wer iepen op 1 july. As it no mei of net fan premier Rutte, sauna De LeeuwerikHoeve yn Burgum hâldt de doarren noch even ticht. Se ha krekt in grutte ferbouwing en útwreiding dien en binne noch net hielendal klear. De sauna sil op 6 july iepen, mar wrakselet mei it beheinde tal minsken dat komme mei.

"Op het moment, en zeker in de wintermaanden, moeten we op de helft van de capaciteit gaan draaien. En dat met deze omvangrijke investering, daar wordt je niet echt vrolijk van", seit eigener Eric Humme.

Yn it begjin fan de coronakrisis hat er der wol wekker fan lein, mar no jout hy him oan de situaasje oer. "Je hebt het zelf niet in de hand. Normaal gesproken, als je een fout maakt, kun je bijsturen en weet je dat het weer goedkomt. Maar het is gewoon overmacht. Daar kun je wel wakker van blijven liggen, maar we kunnen er toch niets aan veranderen. Dus we gaan zien hoe het loopt."

Eric Humme fan sauna De LeeuwerikHoeve yn Burgum

(advertinsje)
(advertinsje)