Fryske assistint-skiedsrjochters nei goed trije moanne wer aktyf yn ynternasjonaal fuotbal

22 jun 2020 - 21:24

De trije Fryske assistint-skiedsrjochters Erwin Zeinstra, Hessel Steegstra en Mario Diks meitsje dizze wike, as se negatyf teste op corona, nei trije moannen wer wedstriidminuten. It Grykske fuotbalbûn hat de skiedsrjochtersteams ûnder lieding fan Björn Kuipers en Danny Makkelie frege om de returns yn de heale finale fan de Grykske beker te lieden.

De skiedsrjochtersteams binne moandei rjochting Grikelân flein en moatte dêr by oankomst 24 oeren yn karantêne. De skiedsrjochters en assistinten binne fuort test op it coronafirus. Oant de útslach fan de test bekend is, moatte sy yn selskarantêne.

Tarieding op Champions en Europa League

Neist it Grykske bûn wol ek de Europeeske fuotbalorganisaasje UEFA de Nederlânske skiedsrjochters graach hawwe. Op dizze wize kinne 'Team Kuipers' en 'Team Makkelie' wedstriidritme opdwaan foar de wedstriden yn de moanne augustus. Dan stean nammentlik de restearjende wedstriden fan de Champions League en Europa League op it programma. Earder koene dizze wedstriden troch de coronakrisis net trochgean.

Returnwedstriden nei trije moannen

Erwin Zeinstra sil mei kollega's fan 'Team Kuipers' yn aksje komme by de wedstriid Olympiakos Piraeus tsjin PAOK Saloniki. Hessel Steegstra en Mario Diks, sille yn 'Team Makkelie' de wedstriid Aris Saloniki tsjin AEK Athene liede.

It bysûndere oan beide duels is dat de earste wedstriid al yn maart spile waard, krekt foardat de coronakrisis útbruts, en no pas de return.

(Advertinsje)
(Advertinsje)