Bettere takomst foar earedifyzje-froulju troch kommersjeel konvenant KNVB

22 jun 2020 - 20:36

De KNVB hat in kommersjeel konvenant sletten mei de earedifyzje-froulju. It sil no op syk nei in haadsponsor foar de kompetysje, en ek moat der in mediapartner komme. Jessica Roosenburg, foarsitter fan de froulju fan SC Hearrenfean, lit witte dat dit goed is foar it frouljusfuotbal.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"Het zorgt ervoor dat er geld is en speelsters blijven", seit Roosenburg. Guon spylsters gean fuort of dogge wat oars. "Als ze bijvoorbeeld 25 zijn en geld willen verdienen. Dan zoeken ze een maatschappelijke carrière."

Ek is it neffens Roosenburg goed foar de takomst fan it frouljusfuotbal. "Het zorgt voor stabiliteit en ontwikkeling in het vrouwenvoetbal. De meeste speelsters uit de eredivisie kunnen nog niet bestaan van het voetbal. Daarom vertrokken veel internationals naar het buitenland."

Oparbeidzjen

Roosenburg seit it moai te finen dat der striid is op it fjild, mar dat dêrbûten oparbeide wurdt. "We hebben met alle clubs de handen ineen geslagen. We hopen dat onze begroting wat ruimer wordt, zodat speelsters wat langer bij Heerenveen zitten. Dan wordt de competitie aantrekkelijker."

Jessica Roosenburg, foarsitter fan de froulju fan SC Hearrenfean

(advertinsje)
(advertinsje)