"Tal fysike lessen NHL Stenden kin wol omheech, omdat corona hjir minder spilet"

22 jun 2020 - 20:10

Der moat mear romte komme foar de Fryske hegeskoallen om wer echt les te jaan. Dat fynt bestjoersfoarsitter Erica Schaper fan NHL Stenden yn Ljouwert. Op dit stuit mei noch mar in lyts diel fan de tûzenen studinten fan de hegeskoalle wer op skoalle komme om sa rekken hâlde te kinnen mei oardel meter en alle oare coronamaatregels.

It giet rûchwei om 10 oant 15 persint en neffens Schaper kin dat mear wêze as foar elke regio oare regels jilde soene. Om't yn Fryslân net in soad coronagefallen west hawwe, soe der hjir neffens har mear mooglik wêze moatte. "Het gaat dan eigenlijk niet eens om de maatregelen op de school zelf, maar met name de maatregelen in het openbaar vervoer."

Op dit stuit meie studinten net yn de spits nei skoalle komme mei it iepenbier ferfier en dêrom begjinne de lessen bygelyks pas fan alve oere moarns ôf. "Als we daar wat meer ruimte in kunnen krijgen en bijvoorbeeld al vanaf negen uur kunnen beginnen dan kunnen we alweer veel meer studenten aan."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Erica Schaper fan NHL Stenden

Ek soe der neffens Schaper op mear ferskillende lokaasje les jûn wurde kinne. Dêrby kin tocht wurde oan De Fabriek yn Ljouwert, in bedriuwssammelgebou dêr't NHL Stenden yn it ferline ek wolris gebrûk fan makke. Ek dat soe foar mear lucht soargje, benammen foar it nije skoaljier.

"Dat is voor ons een belangrijk moment, want dan komen er natuurlijk ook veel nieuwe studenten die nog helemaal geen band hebben met de school. Die willen we graag in de beginfase meer kunnen bieden dan alleen online onderwijs."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Dêr't de gebouwen fan NHL Stenden in pear wiken lyn noch folslein leech wiene, binne no wer in pear losse groepkes studinten te sjen yn de gongen. En ek yn de kolleezjesealen sitte wer wat minsken. Matthijs Rutten fan it fasilitêr bedriuw is der wiis mei. "Het is fijn om weer wat leven in de gebouwen te zien. De hogeschool is een plek om elkaar te ontmoeten en juist dat kon de afgelopen maanden niet."

En noch altyd kin dat net in soad. Want der is noch altyd mar in hantsjefol minsken yn de gebouwen oan de Rengersleane. "Normaalgesproken zijn hier zo'n 5000 mensen op een dag. Nu zijn dat misschien 300. Dus de kans dat je een bekende tegenkomt, is nog vrij klein."

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Matthijs Rutten fan it fasilitêr bedriuw fan de hegeskoalle

Wa't wer foar it earst op skoalle komt, krijt by binnenkomst in taske fan de fasilitêre tsjinst. Dêr sit in flyer yn mei de maatregels, in fleske wetter om't it restaurant noch ticht is en in stylus pin om de knopkes op it kofje-apparaat mei te betsjinjen. "We doen er alles aan om het risico zo laag mogelijk te houden.

Kommende woansdei makket it kabinet bekend of der in ferromming komt fan de maatregels yn it ûnderwiis. It leafst soe Schaper sjen dat se yn alle gefallen yn it nije kolleezjejier wer wat mear meie. "De studenten missen het onderlinge contact en ook het contact tussen collega's is toch niet hetzelfde als het online gebeurt."

(advertinsje)
(advertinsje)