Diemers yn groepsapp Feyenoord: "Berghuis was de eerste die me welkom heette"

22 jun 2020 - 18:48

Der binne net in soad Friezen dy't ea foar it grutte Feyenoord spile hawwe, mar sûnt koart is Mark Diemers der ien fan. Hy tekene ôfrûne freed in trijejierrich kontrakt yn De Kuip en ferkeas dy klup boppe FC Groningen, dy't him ek hawwe woe. Petearen mei Dick Advocaat, appkes fan Steven Berghuis en haatberjochtsjes troch in berjocht op social media: Diemers fertelt der wiidweidich oer yn de nije SportCast.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle foargeande SportCasts werom te harkjen.

"Wereldclub"

De Ljouwerter is grutsk op syn transfer nei Feyenoord. "Ik heb de afgelopen jaren keihard gewerkt en daarom is dit voor mij de ultieme beloning. Feyenoord is een wereldclub", fertelt Diemers. Wat him ek grutsk makket, is dat al syn ynvestearringen him no útbetelje.

"Mijn vriendin heeft ook wel eens gezegd: 'doe eens normaal, doe eens rustig'. Maar, ik wil per se echt iets in mijn carrière bereiken. Zij staat daar natuurlijk 100 procent achter, alleen ik doe daar heel veel voor. Ik ga vroeg naar bed, eet goed en gezond. Nu zegt ze: 'ik begrijp heel goed wat je er allemaal voor hebt gedaan om hier te komen'. Daar ben ik het meeste trots op. Het is ook leuk dat heel veel mensen dat erkennen."

Groepsapp

Freed waard Diemers presintearre yn Rotterdam en krekt dêrnei waard er al taheakke oan de groepsapp fan de earste seleksje. Steven Berghuis hie him yn de media al posityf oer Diemers útsprutsen en dat die er yn de groepsapp ek.

"Steven was de eerste die me welkom heette", fertelt Diemers. "Jens Toornstra ken ik al een hele tijd, daar heb ik ook veel contact mee gehad. Het is gewoon super leuk. Die jongens waren met de wedstrijden ook heel enthousiast naar me toe. Dat zegt me toch meer dan welke journalist of wie dan ook."

Heech fan de toer blaze, dat docht Diemers net. "Ik wil rustig binnenkomen. Ik ben niet iemand die denkt dat 'ie gelijk de man bij Feyenoord is, dat zou heel scheef zijn. Ik ga gewoon mijn stinkende best doen."

Ut it petear mei trainer Dick Advocaat die bliken dat er him rjochtsje moat op de posysje fan ien fan de twa oanfallende middenfjilders fan Feyenoord.

Foto: Omrop Fryslân

SportCast

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast alle moandeis by oer al it sportnijs, mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. De presintaasje is yn hannen fan Geert van Tuinen.

(advertinsje)
(advertinsje)