Drugsdealer Ljouwert trappearre mei 79 boltsjes yn ûnderbroek

In 24-jierrige Ljouwert hie syn yllegale ferkeapguod op in bysûnder plak op 'e lea by him, sa die moandei bliken. De man waard trappearre mei drugs yn syn ûnderbroek. It gie om 79 boltsjes, nei alle gedachten mei kokaïne en heroïne, en fierders 700 euro oan kontant jild.
© Twitter, @politie_lwdn
Ut ûndersyk fan it Ljouwerter team fan de Criminaliteits-Interventie Groep wie earder nei foaren kaam dat de 24-jierrige Ljouwerter by ferskate adressen del gie. De plysje stie him moandeitemoarn op te wachtsjen en doe die bliken dat er drugs útsutele. It jild en de drugs binne yn beslach naam. De man sit fêst foar neier ûndersyk.