Nije stichting wol dúdlikens en mear frijheid foar bewenners soarchynstellingen

De aksje fan Berber Bijma út Frjentsjer foar mear frijheid foar de bewenners fan wensoarchsintrum Foswert yn Ferwert hat laat ta it oprjochtsjen fan in lanlike stichting. Bijma is de foarsitter fan de nije stichting.
Berber Bijma © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De stichting Stop Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg (Sovidz) ropt de Nederlânske steat en de Inspectie Gezondheidszorg en Jeugd op, om wat te dwaan oan al dy soarchynstellingen dêr't bewenners noch beheind wurde fanwege de coronamaatregels.
In soad bewenners fan soarchynstellingen meie noch kwealik besite ha en meie net of hast net nei bûten, wylst de rjochtlinen fan it RIVM yntusken ferromme binne.
De stichting wol dat der ûndûbelsinnich belied komt foar alle soarchynstellingen, sadat der ek foar harren dúdlikheid komt. De steat en de ynspeksje moatte der foar soargje dat de rjochten fan bewenners fan soarchynstellingen garandearre wurde.

Minimale easken

Der moatte minimale easken komme foar de frijheid fan de bewenners, seit Bijma. Neffens har binne der yn it hiele lân gefallen yn soarchynstellingen, dêr't de strange maatregels slimme gefolgen ha.
"It binne hiel skrinende ferhalen. Oer minsken dy't yn trije moannen fan licht demint nei swier demint gien binne. Minsken yn de lêste faze fan harren libben, dy't oan it stjerren binne, dêr't de famylje himel en ierde bewege moat om der überhaupt by te meien om ôfskied te nimmen. Minsken dy't lichaamlik hiel bot efterút gien binne, omdat se der in pear moannen net út koene."
De stichting wol yn petear gean mei de minister en de ynspeksje. Bijma: "En mocht dat neat opleverje, dan is in koart pleit de folgjende mooglikheid."
Foarsitter Berber Bijma fan de stichting Stop Onnodige Vrijheidsbeperking in de Zorg (Sovidz)