Vitens: trije tips foar leger wetterferbrûk op waarme dagen

22 jun 2020 - 17:24

Drinkwetterbedriuw Vitens warskôget foar in legere wetterdruk, as minsken mei simmerske temperatueren manmachtich en foar langere tiid de kraan iepen te stean hawwe. Benammen as it echt hjit wurdt, kin it ferbrûk bot oprinne. Mar se hawwe ek tips om dêr wat oan te dwaan.

De tún besproeie - Foto: Shutterstock.com

Corenelis Vlot fan Vitens jout trije advizen om foar te kommen dat de wetterdruk te leech wurdt by hite simmerdagen:

1. Betink in goede metoade fan ferfarsking fan de swimbaden yn de tún, yn plak fan leechrinne en dêrnei wer folrinne litte;
2. Sproei jûns nei 10 oere of moarns foar 7 oere;
3. Dûs sa koart mooglik.

As minsken harren dêr net oan hâlde, komt it bufferfermorgen fan it drinkwetternetwurk ûnder druk te stean. Dêrmei gearhingjend betsjut dat in belêsting fan de natuer. Drinkwetter komt út de natuer en der is in balâns dy't jo net fersteure wolle.

Vitens is ynrjochte op in betroubere levering fan feilich drinkwetter, beslút Vlot syn ferhaal. Dat kin allinnich as we rekken hâlde mei-inoar.

Cornelis Vlot fan Vitens

Trefwurden: 
Vitens hjitteweach wetterdruk
(Advertinsje)
(Advertinsje)