VVV's Waadeilannen freegje om rappere ferromming passazjiers feartsjinsten

22 jun 2020 - 16:37

De hoareka op de Waadeilannen rêdt it net as de ferplichte maksimale boatkapasiteit sa leech bliuwt as no. Fanwege de coronakrisis meie de boaten op syn heechst foar de helte fol wêze. De Waadeilân-VVV's hawwe yn in brief oan steatssekretaris Mona Keijzer frege om in rappere ferromming fan dy beheining.

VVV's Waadeilannen freegje om rappere ferromming passazjiers feartsjinsten

De boaten moatte net mear ûnder de regels fan it iepenbier ferfier falle. "Toerisme is voor de eilanden dé levensader en onze veerboten zijn de enige logistieke verbinding tussen het vasteland en de Waddeneilanden," sa is yn it brief te lêzen. "Door de huidige maatregelen blijven de Waddeneilanden in een economische lockdown."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De hoareka wurdt al hurd troffen, mar no't de boaten ek mar foar de helte fol meie, giet it dûbelop. De bedriuwen op de eilannen dy't libje fan it toerisme, meitsje harren grutte soargen foar de simmer.

Minder kâns op besmetting

Nederlânske toeristen wolle graach nei de eilannen komme. Dat is troch alle regels dreech. "De eilanden zijn een zeer goed alternatief voor het buitenland omdat er minder buitenlandse reizen zullen plaatsvinden," stiet yn it brief oan de steatssekretaris. "Dat zorgt ook voor minder kans op besmetting vanuit het buitenland."

Hege wurkdruk

Der binne net genôch ekstra boaten om de klap op te fangen. Mear farre is neffens de VVV's ek gjin opsje, om't de wurkdruk by it personiel fan de boaten no al heech leit.

Michel Aaldering, VVV Skylge

(Advertinsje)
(Advertinsje)