Kitesurfers moatte geduld ha mei nije spots: "We hebben te maken met wet- en regelgeving"

22 jun 2020 - 16:30

Dizze simmer sille der noch gjin nije kitesurfspots by komme yn Fryslân. Kitesurfers hiene hope op mear romte foar harren sport, om't de drokte de lêste jierren soarget foar gefaarlike situaasjes. Mar om nije plakken te finen dy't geskikt binne foar it kitesurfen, is tiid nedich.

Kitesurfplakken

De ôfrûne tiid bûge provinsje en gemeenten harren hieltyd serieuzer oer de problematyk. Deputearre Avine Fokkens sjocht dat der wat barre moat, mar kin yn koarte tiid net mei in oplossing komme.

"Ik denk dat het goed is dat we als provincie kijken naar nieuwe locaties", seit Fokkens. "We moeten ons blijven doorontwikkelen als watersportprovincie. We hebben hier wind én water, alle ingrediënten zijn er. Dus ik ben zeker voor het openen van meer kitespots, maar ik heb helaas wel te maken met wet- en regelgeving. Dat vraagt gewoon tijd."

Dat is nijs dat kitesurfer Felix Maks leaver net heart. Hy kite al sûnt it begjin fan de sport yn 2000 en hat yn al dy jierren gjin feroaring sjoen yn it oantal kitespots.

Petysje

"De gesprekken lopen elke keer ergens op stuk", seit Maks. "Ik denk dat we nu op een punt zijn gekomen dat we alle neuzen dezelfde kant op moeten hebben. Dat moeten we niet weer een seizoen uitstellen. Zeker dit seizoen met de coronamaatregelen. Iedereen blijft in eigen land, iedereen gaat nu surfen met mooi weer."

Fandêr dat Maks no in petysje begûn is, om noch mear omtinken te freegjen fan gemeenten en de provinsje.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Op it stuit wurdt der sjoen nei nije plakken op de Tsjûkemar en de Iselmar, mar dy petearen sitte yn de begjinfaze. In soad ferskillende partijen hawwe ynspraak yn de lokaasjes, lykas natuerorganisaasjes en ûndernimmers. Al wurdt it hieltyd gefaarliker op de Fryske kitesurfspots, de kitesurfers moatte noch even geduld ha.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn petear mei deputearre Avine Fokkens en kitesurfer Felix Maks

Trefwurden: 
kitesurfen coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)