Hein Kuiken foardroegen as nije wethâlder Ljouwert

De fraksje fan de PvdA yn Ljouwert draacht Hein Kuiken foar as nije wethâlder fan Ljouwert, as opfolger fan Sjoerd Feitsma. Dy hâldt op omdat er in oare baan hat.
Hein Kuiken © Omrop Fryslân, René Koster
Kuiken is no wethâlder yn Harns. Dêr sit er sûnt 2006 yn de gemeentepolityk. Yn Ljouwert soe er de portefúljes WMO, finânsjen en kultuer krije moatte. It is de bedoeling dat Kuiken yn de riedsgearkomste fan 1 july beneamd en ynstallearre wurdt.
Hy is de twadde bestjoerder dy't yn koarte tiid fan in Waadgemeente nei de haadstêd giet. Yn april is de eardere boargemaster fan Skylge, Bert Wassink, ynstallearre as wethâlder fan Ljouwert.

Oanlûkingskrêft

"Er gaat natuurlijk een enorme aantrekkingskracht uit van Leeuwarden", seit Kuiken. "Het is onze Friese hoofdstad. Het is onmiskenbaar het politieke, economische en culturele centrum van de provincie. Dat trekt."
De Harnzer 'ouwe seun' sjocht der nei út om yn Ljouwert oan de slach te gean. "In Leeuwarden is alles een tandje groter, misschien ook complexer. De opgaven zijn moeilijker, maar ik zie ook wel gelijkenissen. Ik denk, dat ik met mijn ervaring in Harlingen goed toegerust ben op deze stad."
Hein Kuiken